Grutte syktocht nei fisker

19 apr 2014 - 09:17

De Kustwacht hat ekstra materiaal ynset by de syktocht nei in fermiste fisker. It giet om in opfarrende fan de FD281, in Urker kotter dy't ûnder Ingelske flagge fart. De man is sneontemoarn om fiif oere foar it lêst sjoen, de kotter fear doe tusken Flylân en Skylge. Doe't it skip om acht oere yn Harns oanlei wie de man net mear oan board. Der wurdt mei sân rêdingsboaten, helikopters, in fleantúch en trucks socht. Ek is in dûaneskip yn it gebiet oankaam. Fan Den Helder ôf is in nije helikopter oproppen, om't de oare helikopters tanke moasten.

It bemanningslid út België soe gjin beskermjende klean of in rêdingsfêst oan ha.

Sjoch hjir foar it liveblog fan de Nederlânske Kustwacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)