Hockeymaraton om nije fjilden

18 apr 2014 - 21:00

By hockeyklup De Graspiepers yn Drachten wurdt dit wykein 24 oeren lang spile. Dit docht de klup om jild op te heljen foar nije fjilden. Dêr is sa'n 200.000 euro foar nedich. In grut part fan it bedrach wurdt betelle troch de gemeente Smellingerlân, mar de hockeyklup moat sels ek 50.000 euro byelkoar bringe. De âlde fjilden binne mear as 15 jier âld en oan ferfanging ta. As der gjin nije fjilden komme, kin it wêze dat der fan it hockeybûn gjin wedstriden en trainingen mear plakfine meie, sa seit foarsitter Marijn Wolters.

Fanút hiel Noard-Nederlân dogge teams mei oan de wedstriden yn Drachten. Sneontejûn om sân oere is de aksje ôfrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)