Eaststellingwerf: jild oer

18 apr 2014 - 16:42

De gemeente Eaststellingwerf hat it ôfrûne jier goed 1,1 miljoen euro oerhâlden. De grutste winst wurdt helle op it mêd fan de soarch. Om't fan 2015 ôf in soad soarchtaken nei de gemeente ta komme, is Eaststellingwerf it lêste jier net begûn mei nije projekten.
Der binne ek minder oanpassings dien oan wenten fan âlderein.

Oare posten dêr't jild op besparre is, binne ûnderhâld fan sportfoarsjennings, de grûneksploitaasje en útkearings. Der wienen minder wurkleazens yn de gemeente as rekken mei hâlden wie.

De 1,1 miljoen euro dy't de gemeente no oerhâldt, wurdt foar it grutste part yn de reservepot dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)