Motorargyf yn klûs by Tresoar

18 apr 2014 - 16:12
  • Motorargyf nei Tresoar
  • Motorargyf nei Tresoar

Hûndert jier skiedenis fan de Friesche Motorclub is freed feilich opburgen yn de klûzen fan Tresoar. De leden hawwe de oprjochtingsakte út 1914 fan souder helle, plus medaljes, âlde foto's en sterke ferhalen. Yn it jubileumjier komt alles yn it provinsjaal argyf yn Ljouwert.

In part fan de motorskiednis wurdt digitalisearre en op ynternet foar elk beskikber makke. De motorklup fiert it 100-jierrich jubileum fan dit jier yn septimber mei in grutte toertocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)