Alde seedyk wurdt opknapt

De histoaryske seedyk Gouden Halsbân om Penjum hinne wurdt opknapt. Der wurdt ek argeologysk ûndersyk dien nei wetterkearing dy't mooglik de âldste fan Nederlân is. Goed tûzen jier lyn moast de halsbân Penjum en omkriten tsjin it hege wetter beskermje. No bin parten fertutearze en oare stikken ôfgroeven, lykas by in sleat by Surch.
De wurkgroep Penjumer Gouden Halsbân wol net dat de âlde dyk ferlern gie en hat subsydzje oanfrege foar restauraasje en ûndersyk. De dyk is fan grut belang foar de skiednis fan Fryslân.