Alyda krijt post fan Kening

It grutte ferrassing foar paralympysk hurdfytser Alyda Norbruis fan Oerterp. Se krige post fan it Keninklik Hûs.
Yn in persoanlik briefke lokwinsket kening Willem-Alexander har mei har twa wrâldtitels. 'Een fantastische presentatie, waar ik U van harte mee feliciteer. Proficiat!', sa skriuwt de kening.
Alyda is út de skroeven. 'Supergaaf! Post van het koninklijk huis. Al heel veel felicitaties ontvangen, ontzettend blij mee. Maar deze wint het toch echt van alle anderen. #Vereerd!!!', sa skriuwt de sporter op har Facebook.
Norbruis pakte sneon op de WK Paracycling yn Meksiko de wrâldtitel op de 3 kilometer efterfolging. Mei har tiid fan 4.07.45 ferbettere Norbruis boppedat it wrâldrekôr. Earder wûn se ek it goud op de 500 meter, doe ek al yn in nij wrâldrekôr.