Ambassadeurs Noardlike Wâlden

Waarman Gerrit Hiemstra, bestjoerder Joop Atsma, amazône Hester Klompmaker en fuotbaltrainer Ronnie Pander binne de nije ambassadeurs fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden. Se stypje it wurk fan de feriening en jouwe dêrmei oan dat se fan it lânskip hâlde.
De ambassadeurs hawwe allegearre bining mei it gebiet. Favorite plakjes binne bygelyks It Heechsân, de Sumarreheide en de Mûntsegroppe. Leden fan de feriening ûnderhâlde 150 kilometer oan houtwâl en 1500 kilometer oan elzesingels.