Grûnwetter bedriget argyf

18 apr 2014 - 14:06

It argyf fan de eardere gemeente Boalsert moat begjin maaie ferhúzje nei Frjentsjer. It kriget dêr tydlik ûnderdak yn it argyf fan de gemeente Frjentsjerteradiel. De ferhuzing is needsaaklik om't it yn it bewarplak ûnder it stedhûs fan Boalsert wiet is. It grûnwetter komt troch it beton hinne.

It argyf fan Boalsert soe letter dit jier dochs al nei in nij plak moatte fanwege de nije bestimming fan it stedhûs yn Boalsert. De gemeente is opdoekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)