Derek Buitenzorg knap tredde

18 apr 2014 - 12:03

Derek Buitenzorg, it hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, is sterk út de wintersliep kaam. Yn de Prix de Wolvega, in sterke besette koers mei mar leafst sechstjin dielnimmers, pakte Derek in knap tredde plak. Dat wie goed foar 750 euro.

Derek hat de lêste fjouwer moanne rêst hân ûnder oare fanwege sykte. Syn lêste race wie op 26 desimber ferline jier. De tredde priis fan tongersdei betsjut dat Derek foar de sechsde kear op rige yn de prizen rint. De race fan tongersdei waard wûn troch de Frânske favoryt Athos d'Urzy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)