Undersyk nei brân weriepene

18 apr 2014 - 10:00
  • Kafee Den Nostalgie yn Aldemardum

De plysje hat it ûndersyk nei de brân yn 2006 by kafee Den Nostalgie oan de Brink yn Aldemardum weriepene. Op Meld Misdaad Anoniem is nije ynformaasje oer de brânstichting binnenkaam.

Op 7 maaie 2006 waard it terras fan it kafee yn 'e brân stutsen. De eigener waard wekker en wist mei help fan buorlju it fjoer út te meitsjen. Wie dat net bard, dan wie der neffens de plysje in libbensgefaarlike situaasje ûntstien. Troch de brânstichting fielde de eigener him net langer feilich. Hy hat de saak in jier letter ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)