Rekôromset peaskewykein

18 apr 2014 - 06:54

De Nederlânske supermerken rekkenje dit peaskewykein op in rekôromset fan 780 miljoen euro. Dat is sawat twa prosint mear as ferline jier. Detailhannel Nederlân lit witte dat njonken de drokte yn de supermerken ek in grutte tarin ferwachte wurdt yn de boumerken en de meubelbûlevaars.

Omrop Fryslân sjocht op Goedfreed hoe't it der oan ta giet by de tariedings foar sa'n drok wykein. En wat betsjut Peaske no krekt hast wer? Dêr wurdt ek in antwurd op jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)