Ferwûnen by ûngelok Ljouwert

18 apr 2014 - 06:04

By in ûngelok op de krusing fan de Oostergowei en de Borniastrjitte yn Ljouwert binne yn de nacht fan tongersdei op freed twa minsken ferwûne rekke. De beide auto's dy't by it ûngelok belutsen wiene, rûnen grutte skea op. Nei alle gedachten hat ien fan de bestjoerders te hurd riden en koe dy de oare auto net ûntwike.

Troch de klap kaam ien fan de auto's oan de oare kant fan de krusing telâne. Ien fan de bestjoerders moast nei it sikehûs. De oare bestjoerder waard troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok krúsing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)