Ynformaasjepunt gaswinning

Gaswinning © ANP
Der moat in spesjaal ynformaasjepunt komme foar dupearden fan gas- en sâltwinning yn Fryslân. Dat wol it CDA yn Provinsjale Steaten. Neffens it CDA witte minsken dy't skea hawwe net wêr't se dat melde moatte. Dat moat offisjeel yn Den Haach by it ministearje fan Ekonomyske Saken, mar hast gjinien wit dat. De partij sil dêrom yn de earstfolgjende steategearkomste mei in oprop komme oan de provinsje om in ynformaasjepunt yn te rjochtsjen.