Nijlân bout sels nije wenten

17 apr 2014 - 20:32
  • In ympresje fan de nijbou yn Nijlân

Doarpsbelang Nijlân lit sels seis nije wenningen bouwe yn it doarp. De twa-ûnder-ien-kap wenningen komme oan de Roordastrjitte, op it plak dêr't earder hierwenten fan wenningkorporaasje Elkien stiene. Elkien hie earst it doel om hjir nije sosjale hierwenten del te setten, mar troch de krisis is it dêr nea fan kaam. Dêrom hat it doarp no sels it inisjatyf naam om ta nijbou te kommen.

De bou fan de nije wenten start dizze simmer. Se sille in ferkeappriis fan 150.000 hawwe. Dêr binne al fjouwer fan ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)