Pylgertocht oer de heide

17 apr 2014 - 16:44
  • Pylgertocht troch skoalbern

Learlingen fan kristlike skoallemienskip Liudger yn Waskemar makken tongersdei in pylgertocht oer de Duerswâldster heide. Op de tocht waard mei toaniel, gedichten, muzyk en keunst stilstien by de belangrykste mominten út it peaskeferhaal.

De bern fûnen de tocht yndrukwekkend. It koar, it tsjerkje, de krusiging en de lêst sels drage wienen de dingen dy't de bern it meast bybleaun binne. Dûmny Ineke van den Beukel fan Waskemar fûn it in 'wier spektakel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)