Mooglik missy fanwege Oekraïne

17 apr 2014 - 15:21

De kâns is grut dat de Ljouwerter fleanbasis meidocht oan eventuele Navo-aksjes by de grins fan Oekraïne yn de Baltyske Steaten. Dat sei kommandant Maurice Schonk tongersdei op in ynformaasjedei foar militêren en famyljeleden fanwege de lêste missy nei Afganistan. De militêren moatte dêr noch hinne.

Nei Afganistan tsjinnet de folgjende missy him alwer oan. Nederlân hat oanjûn meihelpe te wollen oan Navo-aksjes by de grins fan de Oekraïne en Ruslân yn de Baltyske steaten. De tariedings dêrfoar binne al oan 'e gong.

Trefwurden: 
fleanbasis Oekraïne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)