'Diskoteken binne te grut'

17 apr 2014 - 14:01

Oerkapasiteit en nije, strangere regels binne neffens Johan Dijkstra fan dancing Sans Souci yn Berltsum de foarnaamste redenen foar de delgong fan diskoteken yn Fryslân. Woansdei waard bekend dat The Dance Factory yn Berltsum fuortendaliks ticht giet. Dijkstra neamt dat spitich. Neffens him binne de diskoteken grutter wurden, wylst it tal besikers gelyk bleaun of minder wurden is.

De nije regels meitsje it foar de útbaters dreger om de saak iepen te hâlden. Sans Souci bliuwt wol bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)