Ferromming op Skiermûntseach

17 apr 2014 - 12:43

Op Skiermûntseach hearsket grutte ferromming, no't der in ein kaam is oan de húsdokterrûzje op it eilân. Neffens loko-boargemaster Louis Wiersema fan it eilân gie de rûzje dwers troch famyljes hinne. Hy is bliid mei it akkoart.

Ofpraat is dat húsdokter Dick Zaal mei yngong fan 1 juny mei pensjoen giet. Eilânbewenners kinne tenei terjochte by húsdokter Pauline Kouwenhoven. Wa't dat net wol, kin nei in húsdokter op de fêste wâl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)