Looijenga wint opnij diktee

16 apr 2014 - 22:52

It Grut Frysk Diktee is foar de tredde kear wûn troch André Looijenga, hy makke mar seis flaters. Looijenga wûn ek de foarige twa edysjes fan it diktee. By de pommeranten wie Omrop-presintatrise Tiete Sijens de bêste. Sy hie acht en in heale flater.

It diktee wie foar it earst ek te sjen op tillevyzje. It diktee is skreaun en foarlêzen troch Karen Bies. It tema wie doarpsfeest. Drege wurden wiene ûnder oare 'hoallefoalje', 'loaitsje', 'ljuensk' en 'strjitslierden'.

Al mei al ha 51 minsken oan 'e foarronde meidien, 32 dêrfan hiene har pleatst foar de finale. Oan it diktee diene ek wer bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018.

Besjoch hjir it diktee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)