Hynders moatte sân losmeitsje

Steatsboskbehear wol mei hynders it sân fan de Keale Dunen by Appelskea losmeitsje. Normaal meie der hielendal gjin hynders komme op de Keale Dunen, omdat der in soad fûgels briede. Trochdat der in soad stikstof yn de lucht sit, groeit der in laach algen oer it sân en stoot it net mear. Dêrtroch begjinne der gerzen en strúkjes te groeien. Troch ien kear mei hynders der oer hinne te gean, wurdt it sân wer losmakke. Steatsboskbehear organisearret spesjaal hjirfoar in bûtenrit, yn de mande mei in skoalle yn Meppel. Dy is snein 26 febrewaris.