Twa winners by Lyts Diktee

Gaiske Meinsma fan basisskoalle De Krunenstrobbe út Jorwert en Jacob-Jan Haaksma fan basisskoalle de Griffel út Ljussens binne woansdeitemiddei de winners wurden fan it Lyts Frysk Diktee. Gaiske en Jacob-Jan hiene beide mar seis flaters makke en wiene dêrmei de bêste Fryske skriuwers.
Sa'n tûzen bern fan fyftich skoallen út Fryslân weagen har yn de foarrronde oan de Fryske stavering. Yn de finale namen 29 finalisten it tsjin elkoar op yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.