De Jong beëage trainer Cambuur

16 apr 2014 - 17:13

Henk de Jong is de iennige kandidaat om haadtrainer fan SC Cambuur te wurden. Neffens direkteur Gerald van den Belt is der noch gjin kontrakt, mar hy hopet dat beide partijen der útkomme sille. De Jong moat noch wol it heechste trainersdiploma helje.

Henk de Jong folget Dwight Lodeweges op. Lodeweges stapte koartlyn op ûnder druk fan de supporters fan Cambuur. Dy woene him net langer as trainer fan de klup om't hy nei de simmer trainer wurdt fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)