Opsterlân krijt nije krante

16 apr 2014 - 17:00
  • Fryske Hûs-oan-Hûs blêden

Yn de gemeente Opsterlân falt tenei by 19.000 húshâldens eltse woansdei de 'Sa!' op de matte. Dizze nije streekkrante is in idee fan Arend Waninge en Rik Dijkstra. Beide manlju binne der fan oertsjûge dat se in formule ha dy't lêzers en advertearders lûke sil. Mei in netwurk fan 14 skriuwers wolle se oare ferhalen en mear eftergrûn út de regio bringe.

It twatal hat in ferline by hûs-oan-hûs-blêd de Woudklank. Troch reorganisaasjes by útjouwer NDC Mediagroep wurdt dy krante makke fanút Ljouwert. En sa moat it net tinkt de nijkommer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)