Belofteteam Cambuur en Grins

16 apr 2014 - 14:21
  • In fuotbal
  • SC Cambuur en FC Grins

Sportklup Cambuur en FC Grins krije takom seizoen in mienskiplik belofteteam. Hoe't de gearstalling fan it team der krekt út komt te sjen, is noch net hielendal dúdlik. Paul Raveneau, trainer fan Jong FC Grins, is de coach fan it nije team. In trainer fan Cambuur wurdt syn assistint.

It nije team sil elke seizoenshelte yn elts gefal twa kear yn Ljouwert spylje. De oare wedstriden binne yn Grins. Hoefolle spilers fan Cambuur yn it team komme is ûnbekend. SC Cambuur en FC Grins wurkje al langer gear op it mêd fan jeugdopliedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)