Nij ûndersyk Eemshavensintrale

16 apr 2014 - 12:52
  • Spanning

Deputearre Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte moatte opnij sjen nei in natoerfergunning foar de elektrisiteitssintrale yn de Grinzer Eemshaven. Dat hat de Ried fan Steat sein. De provinsjes en it Ryk ha by it ferlienen fan de natoerfergunning twa natoergebieten oer de kop sjoen. De nije sintrale wurdt op koalen stookt, wêrby't stikstof frijkomt dat skealik is foar de natoer. Ek moat der sjoen wurde nei de útstjit fan kwik en de effekten dêrfan op de Waadsee.

Natoerorganisaasjes ha en hâlde beswier tsjin de komst fan de sintrale.

De provinsjes en it Ryk krije in healjier de tiid om it út te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)