Takomst shagfabryk noch ûnwis

16 apr 2014 - 10:51

Imperial Tabacco Nederlân kin noch neat sizze oer de takomst fan it shagfabryk op De Jouwer. It konsern makke tiisdei bekend syn sigarettefabriken yn Nottingham en Nantes te sluten. It konsern docht dat omdat der hieltyd minder sigaretten ferkocht wurde. De sluting giet ten koste fan sa'n 900 banen.

Neffens Imperibal Tabacco is der noch neat te sizzen oer de takomst fan de 340 wurknimmers dy't yn it fabryk op 'e Jouwer shag meitsje foar de merken Drum en Van Nelle. Der is de ôfrûne tiid flink ynvestearre yn it fabryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)