Garyp hat enerzjykoöperaasje

Nei moannen fan tarieding is yn Garyp in eigen enerzjykoöperaasje begûn. Leden kinne fia de koöperaasje duorsume enerzjy ôfnimme, ek krije se help by de oanskaf fan sinnepanielen. Sa'n fjirtich húshâldens yn it doarp hawwe har yntusken oansletten by de koöperaasje. Doel is dat dat der 250 wurde, de helte fan it tal húshâldens yn Garyp.
De koöperaasje stipet ek goeie doelen. De kommende fiif jier is dat it swimbad yn Garyp. Dat kin in bydrage fan sa'n 10.000 euro ferwachtsje, mocht it tal fan 250 leden helle wurde.