Soargen oer ierappelkwaliteit

It Bintsje
It CDA yn de Fryske Steaten makket har soargen oer de kwaliteit fan de Fryske ierappels no't it ryk fan doel is om de keuringstsjinst foar ierappels te skrassen. No is NAK Pootgoed út Emmeloord noch ferantwurdlik, mar minister Kamp wol dat tenei de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit (NVWA) tafersjoch hâldt op de kwaliteit.
Neffens Kamp is in 'eigen keuringsorgaan' net betrouber. Hy brûkt as foarbyld de wenningkorporaasjes. It CDA is lykwols benaud dat boeren aanst mear betelje moatte foar kontrôles en dat de kwaliteit minder wurdt.