Ziuz Fryske Undernimming 2014

15 apr 2014 - 19:10

It technologybedriuw Ziuz fan De Gordyk is tiisdei Fryske Undernimming fan it Jier wurden. It bedriuw ûntwikkelet ûnder oaren yntelligente kamera's dy't nachts mei hege kwaliteit filmje kinne. De plysje makket ek gebrûk fan de technyk fan Ziuz om pornokriminelen op te spoaren.

It haadkantoar fan Ziuz sit op De Gordyk, mar it bedriuw hat festigings oer de hiele wrâld, wêrûnder yn New York. Der wurkje no noch 38 minsken, mar dat sil ynkoarten oprinne nei 100.

Body & Fit fan It Hearrenfean en Sijperda Verhuur út Snits waarden 2de en 3de.

Student Safety is it bêste Jong Ondernemen bedriuw fan Fryslân wurden. It giet om learlingen fan it Friesland College op It Hearrenfean, dy't spesjale stickers betocht hawwe foar op de deade hoeke by frachtweinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)