Ungelokken yn Ljouwert

In bus it tiisdei oan de ein fan de middei op de Aldlânsdyk yn Ljouwert op twa auto's botst. Ferskate passazjiers hienen pineklachten. Sy binne op it plak fan it ûngelok behannele yn in ambulânse. It ûngelok soarge foar grut opûnthâld. De passazjiers binne mei in oare bus ophelle.
Op de Noarderwei yn Ljouwert rekke in automobiliste fan de dyk en botste tsjin in beam. Ek sy is op it plak fan it ûngelok - tsjinoer it Piter Jelles Gymnasium - behannele. De plysje hat ûndersyk dien.