Ald en jong betinke oarloch

Op in tal plakken yn Fryslân is tiisdei stilstien by de befrijing fan de Dútske besetter yn Fryslân, 69 jier lien. Ek binne by oarlochsmonuminten slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betocht.
Dat lêste barde fan 'e middei yn Damwâld, mar ek yn Feanwâlden. Learlingen fan de groepen 7 krigen nei ôfrin fan de krânslizzing wier barde oarlochsferhalen te hearren. Frou Van der Woude-Hettinga wurke yn de oarlochsjierren foar it ferset en fertelde dêr tiisdei oer oan skoalbern yn Feanwâlden.
Hiltsje Hoekstra-Bosgraaff en frou Heins wenje yn it soarchsintrum Haersmahiem yn Bûtenpost en hawwe de Twadde Wrâldoarloch bewust meimakke. Tiisdei fertelden sy oer harren gefoel by de befrijing. 'It binne de lytste dinkjes dêr't jo dan bliid mei binne. Sa as in jurkje', fertelt frou Heins.