Untsnapte finzene wer pakt

15 apr 2014 - 16:41

De man dy't tiisdeitemiddei útnaaide út de finzenis yn it Drintske Veenhuizen is wer oppakt. De man waard yn natoergebiet it Fochtelerfean werom fûn. Dat meldt de plysje op twitter.

De plysje die oan it begjin fan de middei in oprop fia boargernet. It advys wie om 112 te beljen en de man net sels oan te sprekken. De man naaide út wylst er bûten de finzenis oan it wurk wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)