Alvestêdetocht foar goed doel

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Fryslân krijt der takom moanne in nije alvestêdetocht by: de Thuis Trophy. Mei dizze rally sammelje de dielnimmers jild yn foar de Ronald McDonaldhuzen yn Fryslân. De race is tagonklik foar alle auto's.
De sjauffeurs folgje in boltsjes- en pylkjessysteem. Der kinne maksimaal 120 riders oan mei dwaan. De earste edysje fynt plak op 25 maaie.