Prate oer takomst Frysk biogas

De gemeente Ljouwert, de provinsje Fryslân en tal fan bedriuwen wolle de kommende jierren in flinke stap foarút meitsje by de produksje en it gebrûk fan biogas.
Wichtich punt is dat der gjin elektrisiteit mear wûn wurdt út de dongfergisters, mar ierdgas en mineralen lykas fosfaat. Sa'n oanpak ferheget it rendemint en makket ynvestearrings yn fergisters oantrekliker. De dielnimmende partijen wurkje gear ûnder de namme 'De Griene Freonen'.
Op de gearkomste 'Kansen voor Fryslân as biogasprovincie' prate de polityk en it bedriuwslibben tiisdeitejûn oer de takomst fan it biogas yn ús provinsje.