Twa sljochtfalken op Avérotoer

Sljochtfalk © ANP
Ljouwert hat der twa sljochtfalken by. It pearke briedt op it nêst boppe op de Avérotoer. De gemeente hat it nêst dêr twa jier lyn oanlein om mear fûgels nei de stêd te heljen.
De ferwachting wie doe dat it wol fiif jier duorje koe foar't it nêst ek beset wêze soe. Yn it nêst lizze trije aaien dy't oer in wike as trije útkomme. De sljochtfalk stiet op de list mei kwetsbere fûgels. Yn hiel Nederlân binne der sa'n 150 pearkes.