Enerzjysunige garnalestook

15 apr 2014 - 14:27
  • Garnalefiskers by de fiskôfslach
  • Meiwurker fan De Boer RVS yn Makkum oan it wurk

Stielbedriuw De Boer RVS yn Makkum hat in soad opdrachten fan garnalefiskers foar in nij soart stook om garnalen yn te sieden. Garnalen wurde altyd oan board sean. Dat bart yn in metalen stook dy't opwaarme wurdt mei gasoalje. It Makkumer bedriuw hat no útfûn hoe't dat enerzjysuniger kin troch de waarmte fan de útlit te brûken. Garnalefiskers út binnen- en bûtenlân hawwe dêr belangstelling foar.

Dêrneist ûntwikkelet it bedriuw in systeem dat derfoar soarget dat garnalen al foar it sieden op grutte sortearre wurde.

Dat soe in hiel duorsum systeem wêze, om't it derfoar soarget dat de byfangst binnen in minút werom yn see bedarret. De Boer wol it nije systeem fan 't simmer teste en sjocht ek mooglikheden om it yn de takomst te brûken foar it sortearen fan fisk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)