Tefredenheid reizgers ûndúdlik

15 apr 2014 - 14:03

De provinsje Fryslân hat net genôch sicht op de klanttefredenheid fan de reizger yn it iepenbier ferfier yn Fryslân. Dat fynt de ChristenUnie. Dat komt neffens de partij troch it opheffen fan it ûnôfhinklik klachteburo.

De ChristenUnie wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten maatregels nimt om dat te ferbetterjen. Fraksjefoarsitter Anja Haga fynt dat de provinsje as ferantwurdlike oerheid de mooglikheid jaan moat oan reizgers om in klacht yn te tsjinjen. De stap nei de lanlike kommisje giet neffens har foar in soad minsken te fier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)