Tresoar krijt argyf motorklup

Tresoar © Omrop Fryslân
It argyf fan de Friesche Motorclub giet nei skiednissintrum Tresoar yn Ljouwert. De âldste motorklup fan Nederlân fiert har 100-jierrich bestean. Yn dy hûndert jier binne tal fan moaie mominten sammele.
Dat guod dat foar de motorklup fan grutte wearde is, krijt sa neffens de leden in feilich plak. De bestjoersleden binne grutsk op de histoarje fan de klup en wolle graach oan oaren sjen litte dat se bysûnder binne.