Brief Keamer tsjin wynmolepark

15 apr 2014 - 12:48

De wurkgroep 'Horizon Schiermonnikoog' fynt de bou fan in grut wynmolepark boppe It Amelân en Skiermûntseach net ferantwurde. Seker net sjoen it belang fan it Waadgebiet as ien fan de favorite toeristyske plakken yn Nederlân.

De wurkgroep skriuwt dat yn in brief oan de fraksjes yn de Twadde Keamer. Takom wike wurdt yn de Keamer praat oer de plannen en nei de helberheid dêrfan.

'Horizon Schiermonnikoog' fynt dat de turbines minimaal njoggentjin kilometer efter de hoarizon fan de eilannen komme moatte.

De natoer op de eilannen en de rêst wurdt oars fersteurd, sa fynt de wurkgroep. Ek de feilichheid op it wetter foar skippen en de fûgeltrek komme neffens de wurkgroep troch de komst fan de mûnen yn gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)