Aldlân yn striid tsjin sketten

De wyk Aldlân yn Ljouwert wol ôf fan de saneamde 'gamma-kultuer'. Bewenners fan de wyk bouwe hieltyd mear hege sketten om harren privacy te bewarjen.
Dat mei net, neffens vice-foarsitter Paul Beista fan it wykpanel Aldlân. It wykpanel is al acht jier yn striid tsjin de hege sketten. Yn in enkête fan 2010 waarden de sketten ek al neamd as spearpunt. De gemeente hâldt neffens Beista net genôch tasjoch op wat de minsken bouwe. Dêrom komt it wykpanel sels yn aksje.
It wykpanel hat 375 euro subsydzje per adres beskikber steld om minsken te stimulearjen sketten om te bouwen ta grien. Dat hat al in soad natoerlike sketten oplevere. Paul Beista en it wykpanel bliuwe foarearst ek noch striden tsjin de sketten.