Omropbylden Cambuur opeaske

15 apr 2014 - 10:39

It Iepenbier Ministearje hat by Omrop Fryslân ruw byldmateriaal opeaske fan de ûngeregeldheden by it Cambuurstadion op 1 april. Op dy dei kamen oanhingers fan de klup nei de iepenbiere training om't se teloarsteld wiene dat trainer Dwight Lodeweges nei SC Hearrenfean giet.

Der waarden ûnder oaren saken fernield en bedrigings utere. It IM wol de bylden brûke foar ûndersyk nei it foarfal. Omrop Fryslân wegeret de bylden ôf te stean, om't de omrop gjin ferlingstik fan justysje wêze wol, sa stelt haadredakteur Diederik Bonarius.

Parse-offisier Pieter van Rest fan it Iepenbier Ministearje lit witte dat hy al ferwachte hie dat Omrop Fryslân wegerje soe mei te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)