Drugsdealer Ljouwert oanholden

15 apr 2014 - 10:33
  • Plysje

De plysje hat in 45-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden op fertinking fan de hannel yn harddrugs. De plysje wie dwaande mei in kontrôle op de Weaze en it Switserswâltsje. Dêr seagen se in oerdracht tusken de Ljouwerter en in klant.

Nei de oerdracht fytste de Ljouwerter fuort yn de rjochting fan de Wurdumerdyk. By syn oanhâlding die bliken dat er fiif boltsjes mei drugs ûnder syn tonge hie. De plysje hat proses-ferbaal opmakke en sil de gemeente freegje om de man in gebietsferbod foar trije moanne op te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)