Fandalen slope boarterstún

Yn de boarterstún fan Aldskoat mei foarearst net mear boarte wurde. Foar de tredde kear yn koarte tiid binne dêr dingen fernield. Der is skea oan twa grutte skommels en oan de stekken om it traapfjild hinne. Dat is skonken troch de Krajicek-Foundation en wurdt brûkt troch ûnder oare de bûtenskoalske opfang.
Foar pleatslik belang is de maat no fol. It bestjoer sil sjen oft der kamerabewaking komme kin. Se roppe tsjûgen op harren te melden. Se hoopje de skea dy't al gau yn de hûnderten euro's rint, te ferheljen op de dieders.