Ferwûne by brân yn Hylpen

By in brân oan de Oude Weide yn Hylpen is moandeitejûn in man licht ferwûne rekke. Hy krige reek binnen by de brân en is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.
De brân wie yn in wurkplak achter de wenning fan in pleats. De bisten binne út de skuorre weihelle. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Se wiene ûnderweis nei in oefening. It wurkplak is útbaarnd. It wenhûs hat reekskea.