Krisis bousektor noch net oer

It jier 2014 wurdt it dreechste jier foar de bousektor oant no ta. Dat ferwachtet alteast fakbûn CNV. Saakkundigen sizze dat de ein fan de krisis yn sicht is, mar noch net yn Fryslân.
Yn Fryslân sille noch grutte klappen falle. Oannimmers stride om opdrachten, wurkje faak ûnder de kostpriis, mei sa no en dan falliseminten as gefolch. It wurdt der ek dit jier net better op.
By arsjitekten Borren Staalenhof yn Ljouwert fernimme se dat de merk wol wer wat oanlûkt. mar noch net yn Fryslân. Dêrom iepenje se ynkoarten in festiging yn Amsterdam.