Pamflet Hettinga foar De Vries

17 feb 2012 - 17:22

Yn de notysje om Ljouwert kandidaat te stellen foar Europeeske Kulturele Haadstêd steane folksnasjonalistyske teksten. Dat seit skriuwer en dichter Eeltsje Hettinga. Hy hat in pamflet oer dit ûnderwerp skreaun. Dit pamflet hat er freed yn de Blokhúspoarte oanbean hat oan deputearre Jannewietske de Vries.

De PvdA-deputearre sei fier wei bliuwe te wollen by alles dat mei folksnasjonalisme te krijen hat. Se fynt it spitich dat Hettinga mei sa'n pamflet kommen is.

Deputearre De Vries fersmiet de suggestje fan Hettinga dat de provinsje him skuldich meitsje soe oan folksnasjonalisme. De provinsje wol mei it projekt Kulturele Haadstêd krekt alle kultueren stypje en de romte jaan, sa sei De Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)