Minder losse hûnen by It Wâld

In mienskiplike aksje fan Steatsboskbehear en plysje yn de bosken by Oranjewâld tsjin de oerlêst fan losrinnende hûnen hat holpen. Dat seit boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear. Der binne oant no ta sân bekeurings útdield. Dat tal is beheind bleaun trochdat der foar de ekstra kontrôles in soad dien is om de baaskes te ynformearjen oer de strangere oanpak.
Ek de plysje hat dúdlik fernommen dat de minsken warskôge wienen, sa seit Vriesema. De strangere kontrôles gean de kommende tiid noch gewoan troch.
Steatsboskbehear sil besjen oft de Oranjewâldster oanpak ek yn oare gebieten helpe kin.