'Mear bokken en boltsjes ite'

14 apr 2014 - 15:52
  • De boltsjes wurde slachte
  • Sokke bokjes ha hast gjin wearde

Der is in opfallende gearwurking oan it ûntstean tusken Fryske boeren en restauranthâlders. Se hawwe de hannen ynien slein by it slachtsjen fan geitebokjes, en boltsjes fan Jerseykij. Dizze bistjes hawwe amper wearde foar de hannel en komme faak op in ferfelende wize oan har ein. Boeren en restauranthâlders wolle dat feroarje.

It begûn yn febrewaris fan dit jier mei it idee foar de bokjes. Eigener Sicco Gerlsma fan Yndonesysk restaurant Tandjong Priok kaam yn aksje omdat hy it fleis fan de bokjes goed brûke kin.

De bokjes en boltsjes wurde no slachte by de ambachtlike slachter yn Tsjom. It útbonkjen dogge de restaurants sels. Dat kin net oars, want oars moat der jild by.

Sicco Gerlsma en Willem Schaafsma fan restaurant Eindeloos yn Ljouwert lûke de karre yn Fryslân. Mar der binne al mear restaurants by belutsen, ek bûten Fryslân. It wurdt sa njonkenlytsen in hiele operaasje en dêrom is Europeeske subsydzje oanfrege.

Geitehâlder Van der Veen, de leveransier fan de earste bokjes, is hiel wiis mei it projekt en hopet dat it oerein bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)