Mooglik wer aksje by kasino

14 apr 2014 - 15:44

De kâns is grut dat it personiel fan Holland Casino tiisdei it wurk wer delleit. De fakbûnen hawwe de direksje fan it kasino-bedriuw in ultimatum oplein. As der moandei gjin goed sosjaal plan komt foar meiwurkers dy't dien krije fanwege in reorganisaasje, wurdt tiisdei yn Den Haach in manifestaasje organisearre op it Malieveld.

Ek wurdt easke dat der dan in goeie nije CAO leit. Begjin april waard troch meiwurkers fan de Holland Casino-festigings yn Ljouwert, Grins en Enschede ek al staakt foar bettere arbeidsomstandichheden.

Trefwurden: 
aksje Holland Casino kasino
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)