Drachten krijt Leff-programma

14 apr 2014 - 15:37

De gemeente Smellingerlân wol it yt- en beweechgedrach fan bern oanpakke. Yn de Drachtster wiken De Wiken en De Venen begjint de gemeente dêrom mei it programma Leff. Dat stiet foar Lifestyle, Energy, Fun en Friends. Mei it programma leare bern en âlden om sûner te iten en mear te bewegen. Se wurde begelaat troch spesjale coaches.

De ôfrûne tsien jier hawwe 85.000 húshâldings oan it programma meidien. It docht bliken dat bern har fitter fiele as se dêr oan meidien ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)